Dokumintêre oer fermoarde Malteeske sjoernaliste yn Slieker

30 apr 2018 - 21:27

By bioskoop Slieker yn Ljouwert is tongersdei de dokumintêre 'Daphne' te sjen. Dêryn stiet de Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia sintraal, dy't ein ferline jier fermoarde waard troch in autobom. Caruana Galizia stie bekend as kritysk.

De wize wêrop't de organisaasje fan Kulturele Haadstêd op Malta omgie mei har dea, soarge foar opskuor by de Fryske organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018. Der is dêrom foarearst gjin offisjeel kontakt mear tusken de organisaasjes fan de beide Kulturele Haadstêden fan Europa.

Slieker lit de dokumintêre sjen om't it tongersdei ynternasjonale 'Dei fan de parsefrijheid' is.

(advertinsje)
(advertinsje)