Jong Cambuur slút beloftekompetysje ôf mei lykspul

30 apr 2018 - 21:05

Jong Cambuur hat it lêste kompetysjeduel fan dit seizoen gelyk spile. De Ljouwerters liken op besite by Jong ADO Den Haag de folle trije punten mei te nimmen, mar Jong ADO makke yn de slotminút de lykmakker. It waard dêrtroch úteinlik 3-3.

De Cambuurdoelpunten waarden makke troch Karim Rossi (twa kear) en Tyrone Conraad. Troch it lykspul einiget Jong Cambuur as twadde yn de beloftekompetysje. Jong Hearrenfean waard earder al kampioen fan dy kompetysje.

Op 7 maaie spilet Cambuur noch de bekerfinale foar belofteteams tsjin Jong FC Zwolle.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)