Kanadeeske feteranen plantsje maple leaf-beam by De Klinze

Seis Kanadeeske feteranen fan ûnder oaren de Royal Canadian Dragoons hawwe moandeitejûn, tusken de buien troch, in eskdoarn plante yn de tún efter De Klinze yn Aldtsjerk. It blêd fan de esdoarn - de maple leaf - is it nasjonale symboal fan Kanada. De beam is plante flakby de 350-jier âlde keningslinebeam dy't dêr ek stiet, ien fan de âldste beammen fan Fryslân.
De feteranen binne nei Fryslân helle troch de Stichting Canadian Liberators foar 4 en 5 maaie. Trije jier lyn waard de 70e Befrijingsdei noch meimakke troch in groep fan achttjin feteranen. Der waard doe rekken mei hâlden dat dat mooglik de lêste besite wurde soe omdat se net mear de jongsten wiene.
De feteranen dy't fan 'e wike yn Fryslân binne, binne allegearre yn de 90, mar foar 90-plussers hiel fyf en kwyk. De measten wurde begelaat troch bern of oare famyljeleden. De feteranen diene allegearre entûsjast mei oan it plantsjen fan de beam. "It is in honour for us to do this", sei Jim Parks. Hy wiisde der ek noch efkes op dat it Nederlân fan 2018 der folle better hinne leit as dat fan 1945. "I'm proud that I was able to contribute to your freedom."
De Kanadezen wurkje dizze wike in drok programma ôf. Op moandei wiene se by it Kanadeeske begraafplak yn Holten en yn Kamp Westerbork. Op 4 maaie is der tocht mei âlde legerauto's fan Keep Them Rolling troch it noarden fan Fryslân. Op 5 maaie sille de Kanadezen de nasjonale start fan it befrijingsfestival mei premier Rutte meimeitsje. De feteranen sille dan oer de Grinzerstrjitwei Ljouwert útride. Yn de tún fan De Klinze komt tongersdei in legerkampemint te stean. Dêr is op Befrijingsdei fan fjouwer oere middeis ôf iepen hûs mei in optreden fan de Big Band Ljouwert.
De wike wurdt ôfsletten mei in Ingelsktalige bûtendoartsjinst op sneintemoarn. Stichting Canadian Liberators wol trochgean mei it nei Fryslân heljen fan Kanadezen salang't der feteranen libje dy't de fiere reis meitsje kinne en wolle. Der wurdt al hiel foarsichtich tocht oan in folgjende feteranereis yn it jier 2020, as Nederlân 75 jier frij is.
Mear ynformaasje oer de reis fan de Kanadezen is te finen op Klinze.nl