11Fountains-fontein Snits no alwer fuorthelle

It ûntwerp fan de fontein, foar de Wetterpoarte
De 11Fountains-fontein dy't moandei pleatst waard by de Wetterpoarte yn Snits, is fuortendaliks wer fuorthelle. It die bliken dat de fontein te heech yn it wetter fan de grêft stie. De fontein sil no oanpast wurde en op 7 maaie opnij in plak krije yn it wetter.
De fontein is in ûntwerp fan de Dútske keunstner Stephan Balkenhol.