Frijwilligers socht om rûzjes tusken buorlju op te lossen

30 apr 2018 - 20:16

Fryske gemeenten sykje frijwilligers dy't buertbemiddeler wurde wolle. Yn Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Opsterlân rint in projekt wêrby't frijwilligers ynset wurde by it oplossen fan konflikten tusken buorlju. Dat kinne rûzjes wêze oer bygelyks oerhingjende tûken yn de tún of in lûd blaffende hûn. De buertbemiddeler soarget der yn in ynformele en neutrale setting foar dat konflikten tusken beide partijen oplost wurde troch mei belutsenen te praten.

Sukses

Neffens Berber de Boer fan Scala, de oanjager fan it projekt, is de buertbemiddeling yn Eaststellingwerf in sukses. Dêrom set de organisaasje, yn 'e mande mei de plysje en de gemeente, no ek útein mei it projekt yn Weststellingwerf en Opsterlân.

Easken

Neffens De Boer moatte de frijwilligers wol oan guon easken foldwaan: "Se moatte goed harkje kinne, it hert op it goede plak hawwe en harren neutraal opstelle kinne. Wy biede de frijwilligers in training oan, sadat se goed taret op 'en paad kinne."

(advertinsje)