Boek ynspirearre op Vaatstramoard

30 apr 2018 - 19:54

Do bist fan my. Dat sei Jasper S. yn de rjochtbank oer de jûn dat er ien fan de meast besprutsen moarden út de Fryske skiednis, op Marianne Vaatstra, begie. Mei it boek 'Jij bent van mij' besiket skriuwer Peter Middendorp in byld te foarmjen fan hoe't in moardner ek in húshâlding hat en sels heit is. Al giet it boek net oer Jasper S., mar oer de fiktive Tille Storkema, dy't in tienerfamke ferkrêftet en fermoardet.

Yn de roman hjitte de personaazjes oars, mar yn alles docht it tinken oan de moard op de 16-jierrige Marianne Vaatstra fan De Westereen yn 1999. "Ik volgde deze zaak al langer", fertelt Peter Middendorp. "Toen deze man werd opgepakt, ben ik naar zijn woning toegereden om naar het huis te kijken. Ik was zelf net vader geworden van een dochter. Ik zag dat er aandacht aan dat huis was besteed en ik realiseerde me heel sterk dat zich daar een gezinsleven had afgespeeld."

De auteur waard bot rekke troch it ferhaal. "Wat gebeurt er in iemands hoofd? Daar heb ik mijn verbeelding op losgelaten. Want er is ook vaderliefde, die altijd doorgaat, hoe erbarmelijk de omstandigheden ook zijn. Zijn dochter had bijna de leeftijd van zijn slachtoffer, toen hij werd opgepakt. Dit boek gaat niet over Marianne Vaatstra en over Jasper S., maar die moord was wel de aanleiding."

Ien fan ús

In aspekt dat Middendorp ta neitinken sette wie it gegeven dat 'de oar' it altyd dien hat. "Ik had zelf als jongetje eens wat stuk gemaakt in het winkelcentrum van Emmen. In de krant stond de volgende dag dat het wellicht jongeren uit de slechtere wijken waren. De ander heeft het altijd gedaan. Dat was toen ook het geval. Iedereen dacht dat 'de ander' het had gedaan, maar uiteindelijk bleek het gewoon 'een van ons', de buurman in het eigen dorp te zijn. Het kwaad zit in ons."

Gesicht jaan

Op syn boek hat Middendorp ûnderwylst ek in soad krityk krigen, om't er Jasper S. in minsklik gesicht jûn hat. In man dy't ek heit en echtgenoat is. "Ik geef de moordenaar geen gezicht. Dat heeft hij zelf al gegeven. Wat ik heb gedaan is achter de gevel te kijken van een moordenaar. Ik wilde weten wat er in iemands hoofd gebeurt. Hoe registreert hij de wereld? In mijn optiek is de literatuur de enige vorm waarin je in iemands hoofd kunt kruipen."

Lagen werklikheid

Middendorp hat nea mei Jasper S. sels praat, al hat er wol besocht om kontakt te lizzen. By de rjochtbanksitting wie er ek net. Hy hat wol it rjochtbankferslach lêzen. "Ik heb voor dit boek veel case-studies bestudeerd, en met behandelaars, geheugendeskundigen en wetenschappers gesproken. Kun je zoiets als een moord verdringen? Is dat überhaupt een optie? En dat blijkt dus geen optie te zijn. Ik hoop met mijn boek dat mensen meer gelaagd naar de werkelijkheid kunnen kijken."

(advertinsje)