Lytse plus foar trekkerferkeap

18 jun 2012 - 12:45

It giet goed mei de trekkerferkeap. Yn tsjinstelling ta de autoferkeap bliuwt de trekkerferkeap op peil, sa meldt de Federaasje Agrotechnyk. Der is wol in ferskowing yn de types trekker dy't it meast ferkocht wurde.

De eardere merklieder John Deere stiet no op it tredde plak, New Holland is no merklieder. John Deere-dealer DEM is net yn panyk. It bedriuw yn Akkrum ferwachtet in soad fan in nij type trekker, dy't minder diesel brûkt. Dit type is noch mar in moanne yn de ferkeap. Omdat de disel djoerder wurdt, is hjir wol belangstelling foar.

(advertinsje)
(advertinsje)