Bestjoerder foarkomt brân boerebedriuw troch fluch yngripen

In tûke autobestjoerder hat moandeitemiddei in begjinnende brân útmakke by in boerebedriuw oan de Wielwei yn Dunegea. De man ried der del, út it wurk wei, doe't er flammen seach yn in skuorre. Hy ried it hiem op, gong de skuorre yn en makke it fjoer út mei de poeierblusser dy't der hong.
De man hat sadwaande foarkaam dat de rest fan de skuorre yn de brân fleach en de stâl mei jongfee dernjonken. It fjoer wie ûntstien yn in scootmobyl dy't oan de lader stie.