CDA: "Fertutearze Asgaard hat yllegale bewenners"

Asgaard © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert makket him soargen oer it keunstnersdoarp Asgaard. Dat leit flakby sportpark it Kealledykje yn de stêd.
Neffens it CDA fertutearzet it terrein en is it ek net tagonklik. Der soe boppedat yllegaal wenne wurde. As dat allegearre kloppet, moat de gemeente optrede, fynt it CDA yn Ljouwert.