Rekôrtal reeën yn De Alde Feanen teld

In rekôrtal reeën rint op it stuit om yn Nasjonaal Park De Alde Feanen. Frijwilligers ha dêr begjin april goed twahûndert teld. It Fryske Gea ynventarisearret it tal reeën yn De Alde Feanen al hast fjirtich jier. It wie de lêste jierren aardich stabyl, mar dit jier is it wol in útsjitter.
Neffens It Fryske Gea is it tellen in hiele útdaging, want it is in grut gebiet, mei in soad wetter, wêrtroch't net alles like maklik te berikken is. De frijwilligers wiene rinnende op paad, of mei de auto en de boat.