DBF stipet ûndernimmers

18 jun 2012 - 12:41

De stichting Doarp en Bedriuw Fryslân siket ûndernimmers foar sân winkels. It giet om fiif plakken yn Súdwest-Fryslân en twa yn Gaasterlân-Sleat. De winkels yn bygelyks Warkum, Makkum, Balk en Sleat binne no net rendabel. Mei help fan Doarp en Bedriuw krije ûndernimmers de kâns om op 'e nij te begjinnen mei in bedriuw dat ferskate saken kombinearret. Dat is wer goed foar de leefberens yn de regio.

At der foar alle sân lokaasjes ûndernimmers fûn wurde, kinne de winkels mooglik ein dit jier al begjinne.

Trefwurden: 
winkel
(advertinsje)