Soarchapparteminten op plak âld skoalgebou yn Dokkum

30 apr 2018 - 16:54

Op it plak fan de âlde J.J. Boumanskoalle oan de Hantumerwei yn Dokkum komme soarchapparteminten. It gebou is ferkocht oan in projektûntwikkeler. Dy sloopt it en set der in nij gebou del. Soarchorganisaasje Talant hiert it dêrnei. Talant hat no noch in wengebou oan de Omloop yn Dokkum, mar dat foldocht net mear oan de easken fan hjoed-de-dei.

It âld skoalgebou hat jierren leechstien en hat ek noch wol tydlik ferhierd west.

(advertinsje)