Wurkstraf foar Drachtster winkeldief

30 apr 2018 - 16:08

In frou út Drachten hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen, fanwege winkelstellerij. Se wie flak achter elkoar trije kear betrape, mar is yn it ferline al faker yn oanrekking kaam mei plysje en justysje. Se is ferslave oan drugs. De lêste kear dat se trappearre waard, wie foar harsels de drip.

Se melde har by de ferslavingssoarch en wachtet no op in oprop foar in behanneling. Om dat proses net te fersteuren, joech de rjochter har in wurkstraf.

(advertinsje)
(advertinsje)