Dijkstra Draisma bout kompleks skoallen en sporthal Damwâld

30 apr 2018 - 15:49

Boubedriuw Dijkstra Draisma sil it nije skoallekompleks mei sporthal yn Damwâld ûntwerpe en bouwe. De saneamde Campus Damwâld  komt oan de Badhúswei dy't ek opnij ynrjochte wurdt. It is de bedoeling dat it iepenbier en kristlik ûnderwiis en de sporthal tenei yn it gebou mear mei-elkoar gearwurkje. It bernesintrum De Blokkedoaze wurdt dêr ek by belutsen. It nije gebou moat der oer twa jier stean.

Net op it gas

De nije gebouwen wurde net oansluten op it gasnetwurk, mar krije in alternative enerzjyfoarsjenning. It gebiet dêr omhinne kriget 'in griene útstrieling'. Der komme ek mooglikheden foar natueredukaasje. De bestjoerders fan it iepenbier en kristlik ûnderwiis en de gemeente wolle dat it ûnderwiis en de sporthal ûnder ien dak komme. 

Auto's te gast  

De Badhúswei wurdt, as de dyk opnij ynrjochte is, in gebiet dêr't auto's te gast binne. Oan de dyk lizze ek oare foarsjenningen, lykas in wenplak fan Talant en senioaren-apparteminten fan Nij Tjaarda. Campus Damwâld wol graach in direkte ferbining hawwe mei it parkje dêr't bewenners fan Nij Tjaarda ek komme. It parkje wurdt dan in moetingsplak foar jong en âld.

(advertinsje)