Ekstra reistiid op Ofslútdyk troch wurksumheden

30 apr 2018 - 14:50

Ferkear op de Ofslútdyk moat de kommende tiid rekken hâlde mei wat ekstra reistiid. Dat hat te krijen mei wurk oan it asfalt en de fangrails. Fanwege dat wurk mei der minder hurd riden wurde en binne de rydstroken smeller. Dat jildt op wurkdagen, útsein freed, fan 7.00 oere moarns oant 20.00 oere jûns.

Der binne ek trije dagen dat in stik rydstrook fan sa'n fiif kilometer hielendal ôfsletten is. De earste dêrfan is kommende tongersdei by Den Oever. De oare twa folgje yn juny.

Trefwurden: 
reistiid Ofslútdyk
(advertinsje)