Feanster moat sel yn foar oplichting fia Marktplaats

30 apr 2018 - 14:47

In man (27) fan It Hearrenfean moat tsien moanne de sel yn om't er minsken en webwinkels oplichte hat. De man bea mei syn frou boeken en boartersguod te keap oan op Marktplaats. Keapers betellen wol, mar krigen neat. Se kochten fia webwinkels ek djoere berneweinen en bernestuoltsjes, mar betellen dy net. Se ferkochten it guod troch fia Marktplaats. As ôfleveradres brûkten se hûzen dy't op Funda te keap oanbean waarden. Koart foar it besoargjen feroare de man it ôfleveradres en helle it guod dan op by in ophelpunt. Syn frou is ek oppakt, se moat letter dit jier foar komme.

It foel in meiwurker fan it ôfhelpunt yn in supermerk op dat in soad pakketten mei ferskillende adressen troch deselde persoan ophelle waarden. Hy skreau it kenteken fan de auto op en belle de plysje. Neist de oplichting trof de plysje ek in himpkwekerij yn de flat fan de man oan.

(advertinsje)
(advertinsje)