VVD en CDA wolle fierder mei Weststellingwerfs Belang

30 apr 2018 - 14:40

VVD en CDA yn Weststellingwerf wolle fierder mei Weststellingwerfs Belang as nije koälysjepartner. Beide partijen sjogge in gearwurking mei Sociaal Duurzaam Weststellingwerf net sitten. Se fine it nije SDW in partij dy't syn besteansrjocht noch bewize moat en ha twivels oer de stabiliteit fan de partij. Boppedat steane der punten yn it ferkiezingsprogramma fan SDW dy't te folle ferskille fan harren eigen programma's.

VVD en CDA kieze dêrom foar WB, hoewol't dizze koälysje mei 11 sitten yn de ried in minder grutte mearderheid hat as de 14 dy't se tegearre mei SDW ha soene. VVD en CDA fine dat net in probleem, om't se net út in machtsposysje wei wurkje wolle. De trije partijen sille no fierder ûnderhannelje om ta in koälysjeakkoart te kommen.

(advertinsje)