Tsien finalisten Liet 2018 binne bekend

30 apr 2018 - 14:01

De tsien finalisten fan Liet 2018 binne moandei yn De middei fan Fryslân bekend makke troch Yvonne Bleize, foarsitter fan Liet. De finalisten binne: Klaske, Lammy Bruyns & Friends, Toussaint, Days to Imagine, Astrid en Else, Albert van der Tuin, Berend Riemersma, Else, Stonecrobs en Sequens.

Earder hie in faksjuery in seleksje fan 15 dielnimmers makke. Dy nûmers ha de ôfrûne twa wiken te hearren west by Omrop Fryslân en publyk koe op syn favoryt stimme. Der binne 2.200 stimmen útbrocht. Dy stim fan it publyk telt foar in fjirdepart mei. 

De tsien finalisten litte op 13 maaie har nûmer hearre. De winner docht foar Fryslân mei oan Liet International 2018, dat op 23 maaie plakhat. Dêr komme tal fan muzikanten út ferskate minderheidstaalgebieten yn Europa. Beide finales wurde organisearre yn Neushoorn.

Ek krije alle finalisten in optreden oanbean op ien fan talentstages fan Friesland Pop. De finalisten beoardielje elkoar ek en erkenne de bêste finalist mei de Liet 2018 Muzikantepriis.

Tsjêbbe Hettinga tekstpriis 

Nij is de Tsjêbbe Hettinga tekstpriis. De winner krijt in ynspirearjende reis nei in Europeeske regio mei in minderheidstaal.

Trefwurden: 
Liet 2018 finalisten
(advertinsje)