Sinnepaniel yn stee fan asbest

18 jun 2012 - 12:11

Mei 'Skjin en Enerzjy Neutraal' is moandei in unyk projekt fan asbestsanearing begûn. Yn 2024 binne asbestdakken ferbean. Der leit noch sa'n 10 miljoen kante meter yn Fryslân. Boeren dy't de asbestdakken ferfange wolle troch gewoane dakken mei sinnepanielen, kinne tenei by ien loket terjochte. Se kinne ek gebrûk meitsje fan fiskale foardielen. Boer De Jong fan Eastermar is de earste mei it nije sinnepanieldak.

It projekt is fan de agraryske natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden. Al goed 50 boeren ha konkrete belangstelling toand.

By it yn gebrûk nimmen wiene ek steatsekretaris Joop Atsma, deputearre Hans Konst en wethâlder Houkje Rypstra.

Trefwurden: 
asbest boer sinnepaniel
(advertinsje)