Antoinette de Jong nei Team LottoNL-Jumbo

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Antoinette de Jong hat in nije reedridersploech. De 23-jierrige Rotster tekene moandei in twajierrich kontrakt by Team LottoNL-Jumbo. De Jong foarmet mei Olympysk kampioene op de 3000 meter Carlijn Achtereekte en de junioarewrâldkampioene Joy Beune it frouljuspart. Yn it ôfrûne seizoen pakte De Jong de nasjonale titels op de 3000 en 5000 meter. Op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä helle se sulver op de ploege-efterfolging en brûns op de 3000 meter.
Antoinette de Jong komt oer fan Team Justlease.nl. Yn 2014 waard se wrâldkampioene allround by de junioaren. By de senioaren helle se brûns op it EK allround yn 2016 en 2017 en brûns op it WK allround fan 2016. "Ik bin hiel bliid mei de oerstap nei LottoNL-Jumbo. It is in sterke ploech mei optimale begelieding en fasiliteiten. Ik bin der fan oertsjûge dat ik mei trainer Jac Orie in nije stap sette kin yn myn karriêre. Boppedat is it moai om mei Carlijn en Joy te trainen."