Nije ynspraak-foarm Ternaard stapke tichteby

It saneamde 'omgevingsproces' foar Ternaard is in lyts stapke tichteby kaam. Sa'n proses is in nije wize fan ynspraak fan de regio oer it eigen gebiet. Ynwenners fan Ternaard griepen nei dizze mooglikheid om mear grip te krijen op de gaswinning, dy't de NAM dêr op it each hat. Njonken de ynwenners en regionale organisaasjes, binne de gemeente Dongeradiel, de provinsje, Wetterskip Fryslân, it ministearje fan Ekonomyske Saken en de NAM by sa'n proses belutsen.
Nei in ferkenning docht bliken dat der yndie kânsen binne foar dy ynspraak-foarm. Neffens boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel betsjut dit lykwols net dat de kâns no grutter wurden is dat de gaswinning keard wurde kin.