Matthew Steenvoorden gewoan yn de basis by Cambuur

30 apr 2018 - 12:50

Matthew Steenvoorden is tiisdei gewoan ynsetber by SC Cambuur, dat it yn de play-offs opnimme moat tsjin FC Dordrecht. De ferdigener foel sneon tsjin Telstar út mei in knibbelblessuere, mar dat is op 'e tiid wer better en dus kin er nei eigen sizzen spylje: "Het gaat goed gelukkig. Het was vandaag op de training meer om te testen en alles ging goed, dus dat is prima", fertelt Steenvoorden. De konsekwinsje is dan dat hy yn de basis begjint, seit trainer René Hake: "Als hij zegt dat hij inzetbaar is, dan speelt hij." Fierder is de seleksje fan de Ljouwerters aardich út 'e wedstriid tsjin Telstar kaam. "Iedereen stond op het trainingsveld, dus dat is goed", konkludearret Hake, dy't neat oer de opstelling sizze wol.

Beide wedstriden dy't Cambuur dit seizoen tsjin Dordrecht spile, waarden mei 3-0 wûn. Dochs stean dy duels neffens Hake los fan de kommende play-offwedstriden. "We benaderen het als een gewone wedstrijd, maar we beseffen de belangen natuurlijk wel. Qua spanning in de groep merk ik niets anders dan anders."

De earste wedstriid tsjin Dordrecht is tiisdeitejûn om 20.45 oere. De return is sneon, op Befrijingsdei, om dyselde tiid yn Ljouwert.

(advertinsje)