Drokte op Snitser skoallen as tarieding op At the Watergate

30 apr 2018 - 12:40

Op middelbere skoallen yn Snits is it drok, ek al is it maaiefakânsje. De drokte komt dus net fan learlingen dy't les ha, mar fan meiwurkers fan Empatec. Sy ferbouwe hast alle skoallen ta hostel. Takom wike wurde de trijetûzen dielnimmers oan it muzykfestival At the Watergate dêr ûnder brocht. Moandeitemoarn is begûn mei de megaklus. Dat barde yn it gebou De Diken fan it praktykûnderwiis yn Snits.

At the Watergate is fan 9 oant en mei 11 maaie op ferskate lokaasjes yn Súdwest Fryslân. It is in ûnderdiel fan Leeuwarden-Fryslân 2018.
 

(advertinsje)
(advertinsje)