Fryske projekten ferwachtsje gjin problemen op Malta

© Poetic Potatoes
Fryske projekten, dy't gearwurkje mei Malta yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, geane gewoan troch mei de gearwurking. De organisaasje fan Kulturele Haadstêd (LF2018) hat ferline wike besletten gjin offisjele fertsjintwurdigers mear nei Malta te stjoeren. Dat bliuwt sa, salang't de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd Valletta gjin ôfstân nimt fan de kwetsende toan, dy't benammen de neibesteanden fan in fermoarde sjoernaliste treft.
Opera Spangea
Ien fan de projekten, dêr't yn gearwurke wurdt mei Malta, is Aïda fan Opera Spangea. Der wurdt op it stuit hurd wurke oan de opera, dy't sawol yn Fryslân as op Malta opfierd wurdt. It wie de bedoeling dat de organisaasje fan LF2018 yn septimber nei Malta ta soe, om by de opera Aïda te wêzen. Dit giet foarearst net troch. Regiseusse Corina van Eijk lit witte dit spitich te finen. "Het is natuurlijk leuk als er een grote, belangrijke delegatie komt kijken. Maar het is nog ver weg, wie weet komt het nog goed.''
Van Eijk sit op it stuit op Malta. Se lit witte dat de kommoasje oer de fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia, en hoe't hjir ûnder oare troch Valletta 2018 mei omgien wurdt, enoarm libbet. "Er wordt veel over gepraat en gediscussieerd.'' Fierder hawwe se net in soad te krijen mei de organisaasje fan Valletta 2018.
Potatoes go Wild
It projekt 'Potatoes go Wild' oer it dichtsjen en de ierappel yn Fryslân en Malta rint al in pear jier. Froukje de Jong fan it projekt seit dat se gjin lest fan de ûnrêst hawwe. '''t projekt is klaar met de presintasy fan 'e gedichtebundel begin deuze maand'', fertelt De Jong yn it Biltsk. Fierder hat De Jong hast gjin kontakt mei de organisaasje fan Valletta 2018 hân. ''Wy hewwe fooral 'n prot drekt kontakt had met de dichters en kûnstners.'' Wol is de Fryske dichter Arjan Hut útnûge, om yn augustus nei in Malteesk dichtersfestival te kommen.