Personiel fan hofker Donkergroen kin oandielen keapje

30 apr 2018 - 12:33

Meiwurkers fan hofker Donkergroen út Snits kinne fan tiisdei ôf oandielen yn harren eigen bedriuw keapje. Donkergroen, dat lanlik yn de top trije fan grienbedriuwen stiet, is dêrmei it earste bedriuw yn dizze sektor dat dat docht.

"We doen dit uit waardering en behoud. Werknemers kunnen delen in de winst, zo zijn ze meer betrokken en verbonden bij het bedrijf en we hopen zo nieuwe medewerkers aantrekken," fertelt direkteur Anja Kanters. "En we kunnen zo onze zelfstandigheid naar de toekomst behouden. Werknemers worden letterlijk voor een deel eigenaar en zo kun je met elkaar nog beter presteren. Als iedereen er belang bij heeft, is dat het behoud van het bedrijf."

It is net inkeld in sinjaal foar de wurknimmers, mar ek nei de klanten ta. "We houden de aard van het familiebedrijf overeind." In oandiel kostet 31,66 euro, foar minsken dy't gau beslute mei te dwaan is der in ynstapkoarting.

(advertinsje)
(advertinsje)