Oarlochsferhalen: Yfke de Hoop by Winaam

30 apr 2018 - 13:30

Ferhalen fan minsken dy't de Twadde Wrâldoarloch meimakken, komme der hieltyd minder. Dochs binne se der noch. Faak binne it no jeugdoantinkens fan minsken dy't as bern of jongere de oarloch meimakken. Se binne no yn de tachtich of njoggentich jier en ha ferhalen fan mear as santich jier lyn. As se der oer prate, is it lykwols as wie it juster.

Yfke de Hoop-Schat (1931) wennet no yn Harns, mar groeide op op in pleats by Winaam. Yn de nacht fan 14 maaie 1943 gie it mis. In Britsk fleantúch waard delsketten en stoarte by de pleats del. It stiet har noch altyd helder foar de geast. 

"Moarns om fiif oere kaam ús heit by ús yn de sliepkeamer. As de soademiter derôf, want der donderet in fleantúch del, sei er. It wie allegear fjoer. Us mem gie gau nei de keamer om de blinen ticht te dwaan, want der fleach fan alles rûn. It gong hiel need. Om de pleats hinne leinen seis liken. Foar de ruten, achter de skuorre en ien wie troch it tek en de bûthússouder achter de hynders fallen. In stik fleantúch lei yn de grêft, in part yn de greide oer de dyk. We ha poer gelok hân. As it op de skuorre kaam wie, wie alles ôfbaarnd. De beammen ha it opkeard. It wie oergryslik, net om te oan sjen al dy deade lichems. Ferskriklik. Moarns wienen der allegear minsken te sjen. Ek Dútsers, dy ha wol acht wiken by ús op de kost west. Us mem moast itensiede foar dy minsken. Se besocht ek wat Dútsk te praten. Nimmen Sie noch in bytsje, sei se dan."

(advertinsje)