"Gemeente hie mear omtinken foar tsjinstanners Swarte Pyt"

© ANP
Dat de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum yn novimber ferline jier sa út de hân rinne koe, kaam om't de plysje en de gemeente Dongeradiel mear oandacht hiene foar de tsjinstanners fan Swarte Pyt en folle minder foar de foarstanners. Dat skriuwt NRC Next yn in rekonstruksje, dy't de krante makke hat op basis fan offisjele dokuminten dy't se fia in WOB-proseduere opfrege hie.
De tsjinstanners fan Swarte Pyt hiene fan de gemeente tastimming krigen om te demonstrearjen, mar dy fergunning waard ynlutsen nei't foarstanners de A7 by De Jouwer blokkearren. Yntusken kamen ekstreem-rjochtse foarstanners en fuotbalhooligans mei swier fjoerwurk Dokkum wol yn. Om't de gemeente en de plysje bang wiene dat it yn de stêd út de hân rinne soe, waard de fergunning foar de tsjinstanners fan Swarte Pyt ynlutsen.
Begjin juny is de rjochtsaak tsjin de groep dy't de A7 blokkearre.