Bou nije glydbaan yn swimbad De Blauwe Golf wer fertrage

Swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert hat op 'e nij fertraging mei de bou fan de nije glydbaan. Planning wie dat minsken yn de maaiefakânsje fan de baan ôfglydzje koenen, mar troch nije problemen wurdt dat no ferskood nei de wike fan 28 maaie. De âlde glydbaan soe ferline jier al ferfongen wurde, mar troch ferkearde tekeningen en krityk op de kleuren, waard de bou earst útsteld.
Ien fan de nije glydbanen wurdt 62 meter lang. Swimmers kinne mjitte hoe hurd oft se geane en se komme op de foto, dy't trochstjoerd wurdt nei harren mobile telefoan.