Supermerken helje besmet kowegehak werom

30 apr 2018 - 11:26

De supermerken Spar en Attent helje harren meagere kowegehak werom. It giet om 'rundergehakt mager 520 en 320 gram'. Dy is posityf test op de STEC-baktearje, in fariant fan de poepbaktearje E. coli. Minsken kinne siik wurde, as se it gehak ite. De supermerken advisearje klanten, om it gehak werom te bringen. Se krije dan harren jild werom.

In pear dagen lyn hellen de supermerken Emté en Coop ek al meager kowegehak út de winkels.

(advertinsje)