Sjauffeurs bewust fan oerlêst mar: "Staking iennige opsje"

30 apr 2018 - 11:08

Yn hast hiel Fryslân ride moandei en tiisdei gjin bussen en treinen fan Arriva troch in staking fan it personiel. Foar sjauffeurs Thijs Rienks en Theun de Ruiter is staking de iennige opsje.

"We wolle graach ha dat ús lean op normale hichte komt. De foarige staking hat ús net folle jûn, dus we stride fierder. De ôfrûne jierren is de wurkdruk hieltyd mear tanaam. It is ûnferantwurde en dat moat nei normale proporsjes werom. De oanslutingen wurde krapper. Soms moatte we in stikje fan de rûte ferfalle litte, in halte, om tiid yn te heljen. Dêr hat de reizger lêst fan, mar we wolle it grutste part fan ús reizgers op 'e tiid op it einpunt hawwe."

Oerlêst

Se binne har bewust fan de oerlêst foar de reizger. "Sa'n staking docht de passazjier sear. Dat fine we sels ek it alderdreechst, mar it is ús iennige opsje. We ha bewust keazen foar de maaiefakânsje, dan ha minsken der de minste hinder fan."  

De mannen binne fol fjoer. "We geane derfoar. De wurkjouwers moatte mei dizze staking ynsjen, dat se wer mei ús om tafel moatte. We hoopje dat nije stakingen net nedich binne. Foar ússels en foar de passazjiers."

Te let fuort

"Het gebeurt regelmatig dat je in de stad rijdt en dat je eigenlijk al van het station had moeten vertrekken. Door het verkeer of het weer kun je zomaar vertraging oplopen," fertelt sjauffeur Erik Klabbers. "Of dat je al op het station had moeten zijn, om van bus te wisselen. Voor zo'n buswissel heb je maar twee of drie minuten en dat is niet veel. Er is geen tijd voor een toiletbezoek." Geregeld giet de bus dêrtroch te let fuort. Earder wie der mear romte. "In de FRAM-tijd, zo'n twintig jaar geleden, waren er extra bussen en mensen voor uitloop. Dat is allemaal wegbezuinigd en nu moeten we het zelf oplossen. Ze moeten de diensten ruimer maken, maar dat kost geld."

(advertinsje)