Plysje siket nei fermiste man yn Frjentsjerter haven

30 apr 2018 - 15:40

De plysje hat it terrein fan de Franeker Watersport Vereniging oan de Frisia fanwege in fermissing ôfsletten. De 26-jierrige Dénis Heinen út Soest wurdt sûnt snein fermist. De man hat freed mei twa freonen Keningsdei fierd en is dêrnei werom gien nei harren sylboat yn it haventsje. Hy is dêr sneintemoarn betiid noch sjoen, mar dêrnei binne syn freonen it kontakt ferlern. Doe't de man snein oan it begjin fan de jûn noch net werom wie, ha syn freonen de plysje ynskeakele. Dy is no mei de wetterplysje yn de haven oan it sykjen.

Kamerabylden socht

De plysje ropt minsken yn de buert op om kamerabylden te besjen, as se dy hawwe. As der mooglik in oanwizing op stiet, kinne de minsken belje mei de plysje, op 0900-8844, of dat trochjaan op de plysjeside. Dêr kin ek bylden op laden wurde. 

Sinjalemint

It sinjalemint fan Dénis is: in read fest mei kapusjon, ljochte spikerbroek mei gatten en in swarte pet, slank postuer en koart hier.

Trefwurden: 
plysje syktocht Frjentsjer
(advertinsje)
(advertinsje)