Staking Arriva leit streekferfier yn hast hiel Fryslân plat

Yn hast hiel Fryslân ride der moandei en tiisdei gjin bussen en treinen fan Arriva troch in staking fan it personiel. Op de Waadeilannen wurdt der net staakt. In bussjauffeur fan Skylge meldt, dat de bussen dêr gewoan ride. Dat is ek it gefal op Flylân, It Amelân en Skiermûntseach, seit in wurdfierder fan Arriva.
By stânplak It Hearrenfean is dat wol oars. Dêr hawwe hast alle fan de goed fjirtich bussjauffeurs it wurk dellein. "In grut sukses, wy binne dik tefreden", seit in wurdfierder fan de stakers. De dielnimmers kinne har foar de staking ynskriuwe yn kafee De Drie Pilaren yn Aldskoat.
Fakbûnen en personiel wolle hurde ôfspraken mei wurkjouwers oer it ferminderjen fan de wurkdruk. De treinen fan de NS ride wol neffens de normale tsjinstregeling. It NS-personiel falt ûnder in oare CAO.
Arriva advisearret reizgers om moandei en tiisdei foar alternatyf ferfier te soargjen en njonken de webside fan de ferfierder, ek de social media goed yn de gaten te hâlden foar it lêste nijs oer de staking.