Kollum: "Barbie"

30 apr 2018 - 07:21

"85 minsken dy't yn dyn soarchdossier sneupe om te sjen wat foar sykten ast hân hast en wêr'tst oan operearre bist. En let wol: sûnder dat ien fan dy 85 minsken ek mar ien kear oan dyn sikehûsbêd stien hat om dy te behanneljen. Moatst der dochs net oan tinke? It oerkaam Samantha de Jong, better bekend as Oh Oh Cherso realitystjer Barbie. Al dizze 85 meiwurkers fan it HagaZiekenhuis yn Den Haag krigen in offisjele warskôging. Noch in kear sa'n oertrêding en se stean op strjitte fanwegen it oertrêden fan de privacyregels fan it sikehûs.

Oer krekt wat minder as in moanne, op 25 maaie giet de nije privacywetjouwing yn wurking. De Algemene Verordening Gegevensbescherming, better bekend as de AVG-wet. Dizze wet ferplichtet alle bedriuwen en organisaasjes yn Europa om privacygefoelige ynformaasje fan minsken better ôf te skermjen. Ast dit soart berjochten oer nijsgjirrige aachjes yn in sikehûs lêst, dan soest sa'n strangere wetjouwing mei 'gejuich' ûntfange. Want wa wol no dat Jan en Alleman yn syn soarchdossier koekeloere kin? Mar it hat ek in kearside.

By Doarpsbelang stie de AVG-wet by de lêste gearkomste as ien fan de wichtige punten op de aginda. Sa ek by de gearkomste dy't ik lêstendeis hie mei it bestjoer fan ús muzykferiening. En yn de 'wandelgangen' hear ik dat ek de tennisferiening, de kuorbalklup, de ûndernimmersferiening, de tsjerke en de doarpskrante har bûge oer dizze nije wetjouwing. Want wat betsjut soks foar al dizze lytse doarpsklups?

Foar safier as ik it begryp, komt it der koartsein op del datst dyn uterste bêst dwaan moast om gegevens fan dyn leden te beskermjen. Mar hoe dochst dat? By Doarpsbelang ha wy in ledelist mei dêryn nammen, adresgegevens en mailadressen fan al ús leden. Sûnt koart kinne minsken ek fia in automatyske ynkasso betelje, dus ek de bankrekkennûmers ha wy yn ús besit. Fansels, dit is ynfo dy't net samar op de dyk lizze mei, mar hoe moatte wy mei nul sinten in eigen cybercrime-ôfdieling oprjochtsje?

Koartlyn hold de Rabobank in ynformaasjejûn oer hoe't wy as ferieningen foldwaan kinne oan de easken fan dizze nije wet. Ien fan de wichtichste saken wie dat wannear't leden gjin persoanlike gegevens jaan wolle, dat wy dy dan skrasse moatte. Elkenien kin lid wurde, mar dan sûnder namme, adres of mail. Just ja. Dus wy krije der in nij lid by, mar wa't it is, wêr't er wennet of wêr't wy de útnûging foar de ledegearkomste hinne stjoere moatte: gjin idee. Dat woe er ommers net fertelle.

Jim snappe sels wol; dat slacht fansels hielendal nearne op. Dat is in ûnwurkbere situaasje. Mar it probleem is dat wy gjin oare kar hawwe. De boeten dy't de Autoriteit Persoonsgegevens útdiele mei, lige der net om. En dus sit der neat oars op as sa goed mooglik ús bêst dwaan. Tinke yn oplossingen yn stee fan problemen, joech de Rabobank ús as advys.

Dus miskien is it in idee om tenei mei skûlnammen te wurkjen. Dat minsken har ynskriuwe kinne ûnder in eigen betochte namme. Gjin bynammen, dêr't kollega Willem Schoorstra it tiisdei oer hie, want dan wit ommers noch elkenien wa't wy bedoele. Nee, echt selsbetochte nammen. Sa wat as Barbie ofsa. Miskien dat dat helpt."

(advertinsje)
(advertinsje)