Bewenners bestride autobrân by harren hûs mei túnslang

30 apr 2018 - 06:25

De brânwacht fan Aldeberkeap is sneintenacht útriden foar twa auto's dy't yn de brân stiene. De auto's stiene op it hiem fan in wenning oan de Stellingenwei by Nijeholtpea. De bewenners wiene sels al mei in túnslang wetter oan it sproeien, om foar te kommen dat it fjoer oersloech nei de wenning. De brânwacht koe it fjoer hielendal út krije.

Neffens de brânwacht binne beide auto's hielendal útbrând. De oarsaak fan de brân is net bekend.

Trefwurden: 
brân Aldeberkeap Nijeholtpea
(advertinsje)