Earnewâld makket skûtsjefoarstelling op it wetter

29 apr 2018 - 21:55

Earnewâld komt dit jier mei in skûtsjefoarstelling. De foarstelling hjit Myn Skip. Taskôgers folgje fan de wetterkant ôf hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, dûns, byld, teäter en ferhaal op it Earnewâldster Wiid. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. De live muzyk komt fan Ella & her man en Bigband Friesland. De ferhalen wurde ferteld troch skûtsjeskippers. Ek frijwilligers út it doarp en fan it skûtsjemuseum wurkje mei oan de produksje.

De foarstellingen wurde organisearre yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 en begjinne yn septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)