Underwetterwrâld yn park De Alde Feanen wurdt hieltyd better

30 apr 2018 - 06:26

Yn guon petgatten yn De Alde Feanen kinne je no wer ferrassend djip sjen oant de boaiem oan ta. Wetterskip Fryslân is op 70 oant 80 bunder lân en wetter al in jier dwaande mei proeven. Dizze proeven moatte ûnder oare de helderheid fan it wetter ferbetterje, mar ek helpe by de groei fan it reid. Dat bart bygelyks troch petgatten fan it bûtenwetter ôf te sluten, in laach fan de boaiem fuort te heljen of it fuort fangen fan brazems. Dat lêste bart ek dizze maitiid noch. It reid wurdt holpen troch polders earst drûch te meallen om dêrnei der wer wetter yn te litten.

De earste resultaten binne der en dy lykje goed. Uteinlik moat it der ta liede dat der stadichoan in ûntwikkeling op gong komt wêrby't wetterplanten wer in kâns krije en guon petgatten stadichoan tichtgroeie. Want seldsume soarten ha it hiel dreech as de natuer him net ûntwikkelet. En it wetter sels moat foldwaan oan de Europeeske kaderjochtline wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)