De Zuivelhoeve moat nei seis jier ophâlde mei strjitferkeap

Undernimmer Anton Klapwijk fan tsiiswinkel De Zuivelhoeve yn Ljouwert fynt dat de gemeente Ljouwert de regels foar de ferkeap fan produkten op strjitte oanpasse moat. Klapwijk fynt dat de regels ferromme wurde moatte, omdat it de gesellichheid yn de stêd fergruttet.
De Zuivelhoeve ferkeapet al in oantal jierren op sneon produkten yn in standsje foar de winkel yn de Lytse Tsjerkestrjitte, mar moat dêr fan de gemeente no mei ophâlde omdat der gjin fergunning foar ferliend is.