Hast ien op de fiif jongeren yn Ljouwert krijt jeugdsoarch

Nearne yn Nederlân helpt de Jeugdsoarch yn ferhâlding safolle jongerein as yn Ljouwert. Achttjin prosint fan de jongerein oant 18 jier yn de Fryske haadstêd krijt dy help, wylst dat lanlik yn trochsneed mar alve prosint is. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
Hieltyd mear jongeren krije soarch
Lanlik is it oantal jongeren mei jeugdsoarch groeid fan 366.000 yn 2015 nei 405.000 ferline jier. Foaral de help dy't ferliend wurdt troch wyk- en buertteams nimt ta. Ek it tal jongeren dat net mear thús wennet om sa help te krijen, is omheech gien. Dêrby giet it foaral om wenjen ûnder begelieding of keamertraining.
Jeugdwet
De wyk- en buertteams binne der kaam nei de ynfiering fan de nije jeugdwet. Omdat net alle gemeenten al yn 2015 ynformaasje oanlevere hawwe, is it dreech te sizzen oft ien en oar komt trochdat it tal jongeren mei problemen tanaam is. It kin ek komme trochdat no mear gemeenten dy ynformaasje wol jûn ha.