Himpkwekerij oprôle yn Grouster loads

29 apr 2018 - 20:02

De plysje hat snein in himpkwekerij oprôle yn Grou. Yn in loads oan De Muldyk waard in oplizzer ûntdutsen mei dêryn de himpplanten. Ek die bliken dat de stroom foar de kwekerij yllegaal ôftape waard. De kwekerij is ûntmantele.

De plysje hat noch net ien oanhâlde kinnen.

Trefwurden: 
himpkwekerij Grou
(advertinsje)
(advertinsje)