VV Hearrenfean ferliest fan De Bataven

vv Hearrenfean © Omrop Fryslân, Alle Jent van der Meulen
Sneinshaadklasser VV Hearrenfean hat snein mei 1-0 ferlern fan De Bataven út Gendt. VV Hearrenfean krige yn de 4e minút in penalty, mar dy gie der net yn. Inkelde minuten letter skoarde De Bataven wol. De Feanster fuotballers wiene noch in pear kear tichtby de lykmakker, mar de bal gie der net yn.
Sneon ferlear ek de oare Fryske sneinshaadklasser, Snits Wyt Swart.