Partoer Sint-Jabik wint Bangmapartij yn Weidum

29 apr 2018 - 17:43

De 67e edysje fan de Bangmapartij foar de ôfdielingspartoeren is snein wûn troch it partoer fan Sint-Jabik mei Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Renze Hiemstra. Yn in ûnderhâldende finale wiene sy mei 5-4 en 6-4 justjes sterker as it partoer fan Ljouwert, dat útkaam mei de keatsers Feiko Broersma, Jouke Bosje en Hans Wassenaar.

De lytse preemje wie der foar Easterein.

Trefwurden: 
keatsen Weidum Bangmapartij
(advertinsje)