Audysjes foar nije searje I.K.

18 jun 2012 - 11:39

Foar opnames fan dramasearje I.K. siket Omrop Fryslân nije spilers. Op sneon 30 juny binne der audysjes. De twadde rige fan seis dielen wurdt foar in grut part yn septimber opnaam en is fan novimber ôf op Ned. 2 op skoaltelevyzje te sjen.

De earste searje is goed oanslein op skoallen. Guon spilers komme yn de twadde rige werom, foar oare rollen wurde nije akteurs socht, ek foar in haadrol. Opjaan foar de audysjes kin fia in formulier op de webside fan Tsjek. Famkes en jonges tusken de 15 en 20 jier dy't Frysk ferstean en prate wurde socht.

(advertinsje)