UPDATE: Utslaande brân yn wenhûs yn Kollumersweach

© Srfotografie
De brânwacht moast sneintemiddei mei meardere weinen útride foar in útslaande wenningbrân yn Kollumersweach. Op 'e souder fan in wenhûs oan de Wiersmastrjitte bruts middeis troch noch ûnbekende oarsaak brân út. Der waard út foarsoarch opskaald nei middelbrân. Om kertier foar seizen waard it sein brân master jûn. It hûs is flink beskeadige troch de brân.
Der wiene gjin persoanen mear oanwêzich yn it hûs.