Froulju Hearrenfean rinne bekerfinale mis

© Orange Pictures
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe sneintemiddei de heale finalewedstriid yn de beker ferlern fan Ajax. De Feansters ferlearen trochdat Ajax yn de lêste minút fan de blessueretiid de 1-0 skoarde en sa mei de winst útnaaide.
Ajax dominearre de wedstriid, mar ta skoaren kamen de Amsterdammers lange tiid net. De wedstriid like dan ek út te draaien op penaltys. Yn de slotminút wist Ajax dat foar te kommen. Ajax spilet yn de bekerfinale tsjin PSV.