SC Hearrenfean docht minne saken nei ferlies by NAC Breda

Sportklup Hearrenfean hat minne saken dien mei it each op pleatsing foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Yn de foarlêste spylronde gie de ploech fan trainer Jurgen Streppel hurd ûnderút by NAC Breda. It waard 3-0 foar de Brabanners.
Hearrenfean sakket troch it ferlies fan it sechsde nei it sânde plak yn de earedifyzje. It beslút hokker ploegen meistride om Europeesk fuotbal falt dêrom nije wike, as Hearrenfean thús tsjin Feyenoord de lêste reguliere kompetysjewedstriid spilet.
NAC start fel
NAC Breda begûn sterk oan de wedstriid en stie binnen in kertier al op in 2-0 foarsprong troch goals fan Fernandes en âld-Hearrenfean spiler Te Vrede. Pas nei 25 minuten kaam it earste wapenfeit fan de Feansters nei in skot fan ôfstân fan Rojas. Ek Zeneli skeat fan ôfstân op it NAC-doel, mar echt gefaarlik waard Hearrenfean net. NAC wie feller en skerper en hâlde de 2-0 foarsprong oant it skoft fêst.
Yn de twadde helte die NAC der fuort in skepke boppe-op en Mari skoarde de 3-0. Høegh wie dêrnei noch tichtby de 3-1, mar krige de bal der net yn. En sa bleau de 3-0 yn it foardiel foar NAC op it skoareboerd stean. Hearrenfean moat nije wike tsjin Feyenoord noch fol oan de bak om in play-off ticket feilich te stellen.
NAC Breda - SC Hearrenfean 3-0 (2-0) 6. Fernandes 1-0, 12. Te Vrede 2-0, 47. Mari.
Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Bulthuis, Pierie (23. Woudenberg), Thorsby, Kobayashi, Van Amersfoort, Rojas, Ghoochannejhad (67. Veerman), Zeneli (75. Schmidt).