Bouwmeester slút yn styl ôf by wrâldbeker Hyères

Marit Bouwmeester © ANP
Sylster Marit Bouwmeester hat de wrâldbekerwedstriid yn it Frânske Hyères yn styl ôfsletten. De Wartenster wie sneon al wis fan de winst yn de Laser Radial-klasse mei allinnich de medaljerace noch foar de boech, mar wist snein ek dy ôfslutende medaljerace noch te winnen. "Ast sylst, dan kinst mar better alles jaan en besykje om de race te winnen. Ik bin bliid dat dat slagge is", sei Bouwmeester nei ôfrin.
Monika Mikkola út Finlân waard twadde yn it klassemint. Paige Railey út de Feriene Steaten waard tredde.