Ald-wethâlder Tytsjerksteradiel: "Dit rekket my persoanlik"

"De PvdA waard nei ien simpel petear oan de kant reage. En dat nei 72 jier posityf gearwurkjen tusken CDA en PvdA. Dat rekket my persoanlik." Dat sei âld-PvdA-wethâlder Houkje Rijpstra snein yn it radioprogramma Buro de Vries. De Partij van de Arbeid komt, sa die fan 'e wike bliken, net werom yn it nije kolleezje fan Tytsjerksteradiel. Rijpstra wie hast tolve jier aktyf yn it gemeentebestjoer en kwalifisearre dizze aksje as 'hiel ûn-Tytsjerksteradiels.'
Neffens de âld-wethâlder ropt de gong fan saken in protte wrevel op: "Sa geane je net mei minsken om."