Sven Kramer wurdt heit

29 apr 2018 - 14:08

Reedrider Sven Kramer wurdt heit. De Olympysk kampioen makke dat sneintemoarn sels bekend op twitter.

Mei in plaatsje fan it boek fan Kluun 'Help, ik heb mijn vrouw zwanger gemaakt!' waard de komst fan de nije Kramer-telch oankundige. Earder dit jier wiene der al geroften oer in mooglike swangerskip fan de freondinne fan Sven Kramer: Naomi van As. Dit kaam om't Kramer nei de 5000 meter op de Olympyske Spelen op syn búk wiisde, en dêrnei op syn freondinne. Letter sei er dat dit in grapke wie, en dat it stel noch net in berntsje ferwachte. In pear moanne letter is it wol safier. 

Trefwurden: 
Sven Kramer
(advertinsje)