Mystearje oer skansearre auto boppe-op rotonde

© ANP XTRA
De plysje is op syk nei immen dy't mear fertelle kin oer in ûngelok by Koatstertille. Sneintemoarn waard dêr in swier skansearre BMW oantroffen. De auto stie boppe-op de rotonde op de Jisteboerewei.
De plysje fûn de auto om healwei sânen moarns, en hat de wein yn beslach naam. It is net dúdlik wat der krekt bard is. Der wie net ien mear by de auto oanwêzich.