UPDATE: Nyck de Vries pakt earste poadiumplak fan it seizoen

29 apr 2018 - 12:44

Formule 2 koereur Nyck de Vries fan Twellingea hat snein syn earste poadiumplak fan dit seizoen pakt. De Fries pakte yn de sprintrace yn Azerbeidzjan it twadde plak. In tige goeie prestaasje om't De Vries as fjirtjinde oan de start ferskine mocht. Dit minne startplak krige er trochdat er sneon yn de haadrace troch in stjoerflater útfoel, en dus gjin punten helle.

Al fuort by de start wie De Vries goed fuort, en koe er tsjinstanners ynhelje. De oerwinning yn Baku gie nei de Ingelsman George Russell. De Brazilliaan Sergio Sette Camara waard yn earste ynstânsje twadde, mar waard letter diskwalifisearre.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2
(advertinsje)